BrulBoeiOargel

BrulBoeiOargel
It brulboeioargel is it earste te bespyljen muzykynstrumint yn ‘e wrâld dat syn klanken makket middels hinne- en weromgeande boeien. De technyk fan dit ynnovative ynstrumint bestiet út in luchtpompsysteem dat yn kombinaasje mei it brûken fan titanium tongwurken lûd hearre lit.

It BrulBoeiOargel bestiet út sân boeien. De tongwurken yn de boeien ferskille yn grutte en meitsje elk wer oare toanen sa as in harmoanium of in mûlharp. De see bepaalt it ritme, net te betinken, unyk op alle mominten, tichteby de natuer, op de grins fan natuer en kultuer, op de igge fan lûd en muzyk.
It oargel kin fan de wâl ôf bespile wurde middels 14 ferskillende toetsen.

It lûd fan dit bysûndere ynstrumint is sêft gromjend, rûch en trochkringend. Ek de sterkte fan de klanken wurdt mei bepaald troch de beweging fan de golven en is sadwaande altyd yn harmony mei de natuerlike omjouwing.

Troch mikrofoans op de boeien te pleatsen is ‘life streaming’ kontakt mooglik en is it BrulBoeiOargel ek op in distânsje yn te setten as muzykynstrumint, wêr ek op ‘e wrâld.
It kin tsjinje as in ûnderdiel fan in grutter muzikaal gehiel of tsjinst dwaan as in toeristyske attraksje as it net-bespile oanstiet en natuerlike lûden hearre lit troch de golfslach.
It BrulBoeiOargel is in idee fan Hoite Pruiksma. De technyk is betocht en makke troch Sjoerd Vellinga, Louis Huivenaar en Universiteit Twente. De technyk fan dit ynnovative ynstrumint bestiet út in luchtpompsysteem op de boei yn kombinaasje mei it brûken fan titanium foar de tongwurken.

BrulBoeiOargel by Starum.

Muzykfoarstelling Wy en Wetter

Ta yntroduksje fan it brulboeioargel ûntwikkele Hoite Pruiksma en Romke Toering de muzykfoarstelling Wy en Wetter: In lokaasjesfoarstelling by Starum ûnder oan de seedyk by it Iselmar. De foarstelling wie te sjen, by stoer waar yn de earste wiken fan de hjerst fan 2010.

Sfeerimpressie Wy en Wetter
As in reade tried dichte Baukje Wytsma in gedichtesyklus foar dizze foarstelling. Wy en Wetter waard makke troch BrulBoeiOargel, 4 saksofoans, trompet, akkordeon, fioele, sang en ien akteur.
Hoite Pruiksma komponearre nije muzyk en bewurke muzyk fan û.o. Charles Yves en Percy Grainger.
It publiek belibbe it klank- en skouspul, sittende op de seedyk mei it hier yn de wyn.

Der strykt in wyn fan weemoed oer de weagen
Der waait in wyn fan langstme oer it gea,
‘t Sonore sjongen út it djipste fan de ierde,
Dat aloan opstiicht út it iere moarntiidsrea.
It huvert troch de beammen,
It risselt yn it reid
De loft is fol ferhalen oer de tiid en ivichheid.

Wy en Wetter fertelde it ferhaal fan de see, fan de geheimen en mystearjes en oer ús libben mei wetter yn in poëtyske seebalade.