Firtueel Oargelwurk Organum Plenum

“Klink dan en daverje”

Organum Plenum is in nij skreaun prachtich en swiid oargelwurk foar 25 Fryske oargels dy’t firtueel byelkoar brocht binne yn byld en lûd.
Dizze firtuele komposysje sil op in spesjaal ûntwurpen webside wrâldwiid te hearren en te sjen wêze op elke PC, yn elke húskeamer.

It totaalbyld bestiet út filmkes fan dizze 25 Fryske oargels, in kar út de mannichte oan histoaryske oargels dy’t Fryslân ryk is, bespile troch de fêste pleatselike organist fan dat spesifike oargel.
By it oanklikken fan ien fan dizze filmkes, wurdt it byld fergrutte en wurdt ek it lûd fan dat spesifike oargel út it gehiel fan de komposysje nei foaren helle.

De komposysje is skreaun en betocht troch komponist Hoite Pruiksma.

It ta stân bringen fan dit nije firtuele oargelwurk foar Fryslân fynt plak yn 2017/2018

Links

Friezen-om-utens