ÚPdate

UPdate
30 augustus

Hjoed in tal grutte steande affysjes, mei flyers ôflevere by Tietsia Rollema fan it Koepelteater yn Ljouwert foar har stand op de Uitmarkt o.s. snein yn Ljouwert.
Ik hoopje dat it publyk entûsjast wêze sil. Yn alle gefallen is it wol sa dat de minsken de affysje fan Fryske Passy hast net foarby sjen kinne.

uitmarkt Leeuwarden

18 augustus
Fakânsje: Tiid om wat te mimerjen en te skimerjen en foar jin út te stoarjen. Wol in ôfspraak makke mei Marita de Jong foar in ynterview foar de ynternetkrante Fryslan1.
It wie in libben petear yn museum Belvédère, want dêr moeten we elkoar.

Lês marris.
Hjir ha ik in linkje oanmakke.

Ynterview Marita de Jong

interview Marita de Jong

27 juny 2017 – De website fan de stichting UP kin de loft.

Marten Koetsier, Jan Kees Schelvis en ik binne no al wer in wykmannich
oan ‘e gong om de website technysk, wat it byld en de ynhâldlikheid oanbelanget, ta in ienheid te bringen en dan fansels de loft yn te krijen.
Ik hie net tocht dat der safolle by komme soe. Al dy keuzes dy’t makke wurde moatte, ta yn de lytste details, foardat de website der goed útsjocht, goede ynfo jout en it noflik is om nei te sjen, nei te harkjen en te lêzen.
Ik tink dat it slagge is.
Hjir lêze jo alles oer Útsûnderlike Produksjes fan UP.

Dizze webside wurdt de kommende tiid noch oanfolle mei lûdsfragminten en filmkes. Tenei mear dus.

Wy wolle fansels graach dat jo reagearje:
Sis mar wat jo der fan fine. Dêr kinne wy ús foardiel wer mei dwaan.

Ûnder kontakt kinne jo jo reaksje oan ús trochjaan.

Hoite Pruiksma, artistyk lieder/produsint fan UP